Nederlânsk alvetal yn fol Abe Lenstra-stadion: "We hebben veel plezier"

03 sep 2019 - 17:18

Nederlân spilet tiisdeitejûn yn it Abe Lenstra-stadion de twadde wedstriid fan de EK-kwalifikaasje. Turkije is de tsjinstanner fan Sherida Spitse en har teamgenoaten. It is foar it earst dat de froulju yn Fryslân binne sûnt it suksesfolle WK, dêr't de ploech twadde waard.

Ferslachjouwer Andor Faber is al yn it stadion, dat oars oanklaaid is as mei wedstriden fan SC Hearrenfean. "De KNVB nimt yn feite it hiele stadion oer: alle sponsoring is ôfplakt. En omdat in steantribune net mei, binne dêr allegear stuoltsjes delset. En allegear lytse dinkjes: in Nederlânsk flachje op de dug-out, KNVB-logo's op de stuoltsjes fan de wikselspilers. En op de oare dug-out itselde, mar dan fan Turkije."

24.000 taskôgers

Oranje sette de EK-kwalifikaasje ferline wike goed útein. Yn de earste wedstriid wûnen se mei 7-0 fan Estlân. Sherida Spitse skoarde twa kear. Dat wie in wedstriid foar 1.800 taskôgers, op It Hearrenfean binne 24.000 stuoltsjes beset. "Dat is natuurlijk leuk, voor een vol stadion", seit Spitse. "Het is ook leuk om weer bij elkaar te zijn. We hebben veel plezier."

Foto: SC Hearrenfean

Nederlân is regearjend Europeesk kampioen. Njonken Estlân en Turkije sitte noch Kosovo, Ruslân en Slovenië yn de pûl. De pûlwinner pleatst him direkt foar it EK 2021 yn Ingelân. De bêste nûmers twa gean ek direkt nei it toernoai.

Reaksjes by de Omrop

Spitse is de iennige Friezinne yn de basis fan Nederlân tsjin Turkije. Keepster Loes Geurts sit op de bank. De wedstriid begjint om 20.00 oere. Reaksjes fine jo tiisdeitejûn letter werom op Omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)