Rekôrpoging yn Ljouwert: 1.111 peddelers by 11e edysje SUP 11-Stêdetocht

03 sep 2019 - 16:26

Takom wykein sil de alfde SUP 11-City Tour hâlden wurde, de Alvestêdetocht peddeljend op in surfboard. De tocht set op 7 septimber útein, mar op 10 septimber sil der yn de Prinsetún yn Ljouwert in spesjale rekôrdpoging dien wurde: de measte peddelers tagelyk op it wetter. Dat moatte der 1.111 wêze, en dêrmei moat it âlde Russyske rekôrd fan 844 peddelers ferbrutsen wurde.

Foto: Mayola Dijksman

De minsken dy't de Alvestêdetocht non-stop peddelje wolle, krije maksimaal 38 oeren om de 200 kilometer ôf te lizzen. Sy moatte op 8 septimber wer oer de finish komme. Dy dei sil ek Maarten van der Weijden oanwêzich wêze yn Burdaard.

Bysûnder is dat de non-stop peddelers dit jier ek mei GPS live te folgjen binne op in webside fan de organisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)