Deputearre: organisaasje festival Eilân moat oar plak sykje

03 sep 2019 - 16:16

It festival Eilân mei net plakfine by de mar fan Hee op Skylge. Dat hat deputearre Douwe Hoogland sein. Hy fynt dat de organisaasje sjen moat oft it ferpleatst wurde kin nei it lân fan in boer. Dan kin it dancefeest mooglik dochs trochgean en hoege je net 6.000 minsken teloar te stellen.

Hoogland oer Eilân

De rjochter hat ferline wike ferbean om it festival te hâlden by de mar fan Hee. Om net alle besikers fan it festival teloar te stellen, kin de organisaasje neffens Hoogland it bêst mar in oare lokaasje fine. "We ha se derta oanset om in oare lokaasje te sykjen." Dat is koart dei, mar neffens Hoogland is it net ûnmooglik. "Op in iepen fjild kin it gau."

By in boer op it lân

By in boer op it lân soe neffens Hoogland in opsje wêze. "Je ha stiltegebieten en Natura2000-gebieten op it eilân, mar by agraryske fjilden ha je al dy beswieren net. De organisaasje hat net tsjin mei sein: 'wat hellest no yn de kop?'"

Alles moat no gau regele wurde, want it festival soe oare wike tongersdei al úteinsette. Sa moat it net wer, seit Hoogland. "As der takom jier wer sa'n festival komme wol, dan wolle wy as provinsje op tiid sjen wat wol kin en wat net. Sels bin ik gjin tsjinstanner fan dit festival."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Deputearre Douwe Hoogland oer festival Eilân

(Advertinsje)
(Advertinsje)