Skoalle Dalton Dokkum groeit yn krimpregio en moast sels útwreidzje

03 sep 2019 - 15:47

Nettsjinsteande de lokaasje fan de skoalle yn in krimpregio, bliuwt Dalton Dokkum groeien. Foar it fjirde jier op 'e rige is it tal learlingen fan de skoalle omheech gien. Sjoen nei it skoaljier 2016-2017 binne der no 50 persint mear learlingen. Yn de simmerfakânsje binne der sels ekstra lokalen byset, om't der te min romte wie foar de 325 learlingen.

Dalton Dokkum - Foto: OSG Piter Jelles

Sûnt 2018 biedt Dalton Dokkum ek de havo-boppebou oan, dat sil in rol spylje yn de groei. Direkteur Sipke Saakstra tinkt fierder dat in sterke belutsenens fan dosinten, in gemoedlik skoalleklimaat en it beheljen fan âlden en fersoargers by it ûnderwiis wichtich binne.

Dalton Dokkum heart by OSG Piter Jelles en is in skoalle foar learlingen mei in advys foar vmbo-kader+, vmbo-t en havo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)