Metaalhannel De Horne leit shredderjen stil: ûndersyk nei frijkommen stoffen

03 sep 2019 - 15:39

Metaalhannel De Horne op It Hearrenfean hâldt fuortdaalks op mei it fermeallen fan metalen, oant it bedriuw oer in goede ôfsûchynstallaasje beskikt. Dat hat it bedriuw oan de FUMO witte litten (de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing). Healwei augustus ûntstie der ûnrêst yn de omkriten fan it bedriuw oer mooglik skealike stoffen, dy't by it fermeallen fan metaal frijkomme soene. De provinsje lit no útsykje oft de aktiviteiten fan it bedriuw de oarsaak binne fan de hege konsintraasjes kadmium dy't fûn binne.

Foto: Google Street View

De Horne hat no sels besletten it shredderjen stil te lizzen. Deputearre Douwe Hoogland is dêr wiis mei. It is de ferwachting dat in goede ôfsûger binnen in pear wiken regele is. Ek by de lokaasje fan De Horne op De Jouwer sil troch de FUMO ûndersocht wurde oft der ferkearde stoffen frijkomme.

Bestjoerlik oerlis

Op 28 augustus binne alle belutsen partijen byinoar kaam: de provinsje, gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de FUMO. Yn dat bestjoerlik oerlis binne de stappen ôfsprutsen dy't no nommen binne. Earder makke gemeente Hearrenfean ek al bekend mei de GGD te ûndersykjen oft de stoffen mooglik effekten foar de folkssûnens hawwe soene.

(advertinsje)
(advertinsje)