Reduzum krijt lang om let dochs fergunning foar nije doarpsmûne

03 sep 2019 - 15:21

Reduzum krijt tiisdeitemiddei in fergunning fan de gemeente Ljouwert foar in nije doarpsmûne. It doarp hat al sûnt 1994 in eigen turbine. Nei goed 25 jier is er oan 'e ein. De provinsje stie solitêre mûnen jierrenlang net ta, mar is no om. Mei de fergunning fan no kin der dan dochs in nije wynmûne komme, dy't der yn desimber 2020 stean moat.

"De provinsje hat de ferfanging fan de mûne jierrenlang yn it paad stien", fertelt foarsitter Henk Vellinga fan de stichting Doarpsmûne Reduzum. "Mar de gemeente Ljouwert hat ús wol altyd stipe. No is der in koälysje dy't de doarpsmûne wol sitten sjocht."

De stichting yn Reduzum kin no wer fierder mei it plan foar in nije mûne. "Wy hawwe no in hiele grutte hobbel nommen. Fan 'e middei wurdt de fergunning oerlange troch de wethâlder fan Ljouwert. En dêrnei moat der noch fan alles dien wurde", seit Vellinga. Sa moatte ûnder mear de ôfspraken mei it doarp fernijd wurde. De stichting moat by de bank noch in part fan de finansiering klear krije. Dêrnei wurdt praat mei de mûnefabrikant en de subsydzjeferstrekker.

De mûne hat it mooglik makke om in soad dingen yn it doarp te finansieren. Se hawwe mei-inoar 100,.000 euro besteegje kinnen yn de doarpen, seit Vellinga. Takom jier desimber moat de nije mûne der stean.

De doarpsmûne fan Reduzum is net 25 jier oan ein en moat fernijd wurde - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat by de mûne mei Henk Vellinga

Deputearre Sietske Poepjes leit út dat de nije doarpsmûne noch net yn it besteande belied fan de provinsje Fryslân past, mar dat it kolleezje ree is om foarút te rinnen op de nije feroardering Romte. Dêrtroch is der sicht op legalisaasje fan de nije doarpsmûne. Poepjes hat de ôfrûne simmer sels mei de Redústers oerlein en doe ek fernaam dat der yn it doarp sels in grut draachflak is foar in nije doarpsmûne. "Mar draachflak betsjut fansels net dat eltsenien foar in nije mûne is. Wynenerzjy en doarpsmûnen lizze gefoelich yn Fryslân."

Deputearre Sietske Poepjes hat ek mei de minsken yn Reduzum praat

(advertinsje)
(advertinsje)