Ynljochtingetsjinsten hawwe tefolle data opslein, ek mei 'Earen fan Boerum'

De ynljochtingetsjinsten AIVD en MIVD hawwe te breed satellytferkear ôftape en tefolle data opslein, ek fan ûnskuldige boargers. By Boerum steane de saneamde 'earen', in grut ôfharkstasjon wêrmei't satellytferkear ôftape wurde kin.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tafersjochhâlder CTIVD skriuwt yn in nij rapport dat de ynljochtingetsjinsten boppedat net rap genôch filtere hawwe op ynformaasje dy't fan belang is foar in ûndersyk. Dêrtroch is ûnnedich ynformaasje fan ûnskuldige boargers yn systemen fan de geheime tsjinst stean bleaun.
De befiningen fan de tafersjochhâlder geane oer de perioade tusken maaie 2018 en jannewaris dit jier. Yn maaie 2018 gie de nije ynljochtingewet yn. Dêr wie in soad diskusje oer: yn in referindum stimde in mearderheid tsjin. In oanpaste foarm fan de wet waard dochs oannommen.