Automobilist (75) stoarn nei't er net goed waard efter it stjoer

03 sep 2019 - 14:52

In 75-jierrige automobilist dy't net goed waard efter it stjoer en by Stiens yn de boskjes bedarre, is stoarn.

Foto: Ate Atema / ProNews

De man út de gemeente Noardeast-Fryslân waard troch omstanners en letter ek troch helpferlieners reanimearre. Letter is hy mei hertslach nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is syn partner ek hinne brocht. Letter op de dei is de man stoarn.

De plysje is tankber foar de help fan omstanners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)