Wiebe Wieling foardroegen as bestjoerslid Frysk Hynstestamboek

Wiebe Wieling wurdt foardroegen as nij bestjoerslid en beëage foarsitter fan de KFPS, it Frysk Hynstestamboek. Wieling, yn it deistich libben foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisgroep Piter Jelles, folget Bert Wassenaar op, dy't dit neijier ôftrede sil.
© Binne-Louw Katsma
Wieling wurdt offisjeel op 22 novimber foardroegen as bestjoerslid, op de neijiersfergadering fan de feriening. Njonken syn wurk is hy de hjoeddeiske foarsitter fan De Friesche Elfsteden en de ried fan tafersjoch fan Ljouwert-Fryslân 2018.
Hy hat in swak foar it Fryske hynder. "Wy hawwe sels in Frysk hynder, al mear as tweintich jier. En ik haw yn it ferline ek in tal jierren foarsitter west fan Indoor Fryslân, wat ek in soad te dwaan hie mei it Fryske hynder," seit Wieling.
Hy hat dan ek net bot twivele oer de funksje: "Ik bin der foar benadere oft ik der op sollisitearje woe. Ik hie der wol nocht oan en nei in sollisitaasje krige ik in telefoantsje: wy wolle jo wol hawwe. Der is wat romte kaam om't myn wurk foar Kulturele Haadstêd dien is. Ik haw altyd sein: as ik wat dwaan wol yn Fryslân, dan moatte it wol dingen wêze dêr't myn hert by past. Dat is fansels it reedriden, mar ek it Fryske hynder. Dan wit ik dat sa'n kâns net oer in pear jier wer komt."
Harkje nei Wiebe Wieling