Hoe komt it mei it festival Eilân? Gemeente wol saak earst goed útsykje

03 sep 2019 - 14:02

De gemeente Skylge hat noch gjin beslút nommen oer it festival Eilân. It is dus noch net dúdlik oft de gemeente besykje sil in nije fergunning foar it dancefestival te regeljen. Ferline wike hat de rjochter de evenemintefergunning dy't al ôfjûn wie, skorst.

It marke fan Hee op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens de rjochter sitte yn dy fergunning "nog de nodige gebreken en omissies." De rjochter sprekt fierder oer "een onzorgvuldige gang van zaken en een gebrekkige wijze van besluitvorming", sa stiet yn de útspraak dy't moandei publisearre is.

Opheldering

Kommende tongersdei praat de ried fan Skylge yn in ekstra gearkomste oer de kwestje. Dy is oanfrege troch de PvdA, de grutste partij op Skylge. "Wij willen graag opheldering over hoe alles is gegaan en hoe het zover is gekomen", seit fraksjefoarsitter Christa Oosterbaan. "Ik had de indruk dat alles zorgvuldig is voorbereid, maar uit de uitspraak van de rechter blijkt toch wat anders. We moeten weten hoe het zit, zodat we dit in de toekomst kunnen voorkomen." Oosterbaan seit dat se skrokken is fan de útspraak. "Ik was verbaasd., Deze had ik niet zien aankomen."

Soarchfâldichheid wichtiger as faasje

Op dit stuit binne juristen drok oan it wurk om te sjen wat der mooglik is en wat de gefolgen binne fan in beslút fan it kolleezje. Wat dat is, dat is noch net bekend. "We willen dit zorgvuldig doen. Dat is belangrijker dan snelheid, hoewel we weten dat we niet veel tijd meer hebben", seit in wurdfierster fan de gemeente Skylge.

Opbou mei noch net

De organisaasje lit witte troch te gean mei de tariedingen. Der mei lykwols noch net begûn wurde mei de opbou, sa hat de rjochter bepaald. De materialen dy't oanfierd wurde, wurde dan ek net op it festivalterrein by Hee delset, mar op oare plakken. "De onzekerheid knaagt, we weten niet waar we aan toe zijn."

It ticketburo Mojo dat de 5500 kaarten foar it festival ferkocht hat, lit witte dat de festivalgongers yn spanning ôfwachtsje hoe't it komt. "Er hebben nog geen mensen gebeld die hun geld terug willen. Zover is het ook nog niet."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)