"Sterkere ûntwikkeling lytsere kustfeart nei Brexit, kânsen foar Harns"

03 sep 2019 - 12:56

De kâns is grut dat de oansteande Brexit de haven fan Harns ekstra omset opsmyt. Dat seit direkteur Paul Pot fan it havenbedriuw. Transportbedriuwen en bedriuwen mei eksport nei it Feriene Keninkryk ferwachtsje troch de Brexit gaos en lange wachttiden by de feartsjinst oer it Kanaal tusken Dover en Calais. Dy bedriuwen binne op syk nei alternativen.

Pot hat al ferskate telefoantsjes hân fan potinsjele nije klanten. Hy tinkt dêrom dat de haven fan Harns gjin neidiel ûnderfine sil fan de Brexit. Fanwege de ferwachte problemen by Dover sjocht Pot benammen kânsen foar de skipfeart fan syn haven nei eastlik Ingelan en Skotlân.

Yn Harns besjogge se hokker rederijen op Harns farre kinne en der wurde ek al petearen fierd. Harns hat romte genôch yn de haven sels foar de oerslach fan guod, neffens Pot. As it moat, wurdt de ynfrastruktuer oanpast, seit er.

De haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Paul Pot fan it havenbedriuw yn Harns

In eigen ferbining mei ingelân lykas se yn de Eemshaven op ta wolle, is foar Harns ek mooglik. Mar dat hinget wol ôf fan de grutte fan de skippen. Op de Waadsee is de djipgong beheind, dus echt grutte skippen kinne net yn Harns komme. En boppedat moatte de skippen yn de haven fan Harns passe. Se moatte dêr oanlizze en swaaie kinne.

Hiele grutte skippen sille der dus net komme yn Harns, seit Pot. Mar der sil nei alle gedachten in merk foar lytsere skippen ûntstean en dat jout wer kânsen. Pot ferwachtet dat de lytsere kustfeart him miskien dochs wat sterker ûntwikkelje sil nei de Brexit.

Trefwurden: 
Harns Brexit Paul Pot
(Advertinsje)
(Advertinsje)