Bom en natuerbrân Flylân 'gjin reden ta soarch'

03 sep 2019 - 12:29

De bom dy't moandei syn doel miste op Flylân en dêrtroch in natuerbrân feroarsake, is gjin oanlieding ta soarch. Dat seit riedslid Jan Roelof Witting fan Nieuw Liberaal Vlieland. "Het gebeurde ver van bewoond gebied en de bom viel in een zone die daar ligt als een soort buffer."

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

"De afwijking in breedtezin van de bom was zeer beperkt", leit Witting út. Dat de bom fallen is yn de dunen is ek út te lizzen. "Een jaar of tien geleden was dat duingebied een stuk kleiner. Dat is gegroeid. De vogels waren er nu gelukkig niet, dus de schade valt mee."

"Groeit weer aan"

En de skea oan dunen dy't ôfbrând binne dan? Witting: "Dat komt weer goed, net als bij heidebranden. Zoiets groeit weer aan. Soms worden dat soort natuurgebied bewust in brand gestoken, zodat het daarna weer goed terug groeit."

De gemeente Flylân lit yn in reaksje witte sels gjin ûndersyk te dwaan nei de brân yn natuergebiet de Vliehors. Sy wachtet it ûndersyk fan definsje ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)