Frou mei auto oer de kop
In frou fan 44 is freedtemoarn mei har auto oer de kop slein. Dat gebeurde op de A7 by Nijehaske. De frou, út Achterveld, is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean. Hoe't it ûngelok gebeure koe is ûndúdlik.