Fries Museum jout no ek iepenbiere rûnlieding foar minsken mei demintens

It Fries Museum jout tiisdei de earste iepenbiere rûnlieding foar minsken dy't demint binne. Elkenien kin him dêrfoar oanmelde. Earder joech it museum al in spesjale rûnlieding yn gearwurking mei de KwadrantGroep foar harren kliïnten mei demintens.
Fries Museum jout no ek iepenbiere rûnlieding foar minsken mei demintens
Foar minsken mei deminsje is it tige wichtich om oantinkens op te heljen. En wêr kin dat no better as yn in museum mei âlde stikken. Elk stik hat in ferhaal dat foar minsken mei demintens oantinkens oan it ferline oproppe kin. Foar de kommende tiid stean noch fiif fan sokke spesjale rûnliedingen by it museum op de aginda.
Wouter Roest © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Wouter Roest dy't de rûnlieding opset hat en ek sels jout
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Wêrom hat it Fries Museum foar dizze rûnlieding keazen?