Earmoede yn Ljouwert en Harns nimt ôf, mar noch altyd heech

03 sep 2019 - 11:38

De earmoede yn de gemeenten Ljouwert en Harns leit noch altyd heger as it lanlik trochsneed, mar de sifers binne wol better as twa jier lyn. Skiermûntseach lit in tsjinoersteld byld sjen: dêr nimt de earmoede ta. Dat docht bliken út sifers fan it Sociaal en Cultureel Planbureau (SCP).

Foto: Google Street View

Ljouwert, Harns en Skylge binne de iennige trije gemeenten mei mear earmoede as it lanlik trochsneed (5,7%). Yn hiel Fryslân is 5,2% fan de minsken earm.

Om earmoede te definiearjen, hâldt it SCP in moanliks budzjet fan 1.135 euro oan foar allinnichsteanden en 1.555 euro foar in stel sûnder bern. Dat it tal earme minsken delgiet, komt trochdat de ekonomy groeit en mear minsken wurk ha.

Ljouwert, Harns en Skier

Yn totaal sitte der 6.937 Ljouwerters ûnder de earmoedegrins fan 1.135 euro yn de moanne. Dat komt del op 6,7%, in stik minder as twa jier earder, doe't it noch 7,6% wie. Harns lit in delgong sjen fan 7,0 nei 6,1%. Skiermûntseach is ien fan de pear gemeenten dêr't it tal earmen just tanommen is: fan 5,3 nei 6,5%.

Heechterp-Skieringen earmer

De Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen komt der boppe-út. Dêr is 17,4% fan de minsken earm. Yn totaal giet it om 583 minsken. Dat is noch altyd hiel heech, al giet it wol better as in pear jier lyn. De wyk wie in pear kear de earmste wyk fan hiel Nederlân. Yn 2011 libbe 25,6% fan de minsken dêr ûnder de earmoedegrins.

De problemen fan minsken yn earmoede wurdt grutter, seit Kitty de Jong fan fakbûn FNV. "Er is geen reden tot overmatig optimisme en er is zeker geen reden om achterover te leunen", seit se. "Ook arme mensen profiteren niet van de economische groei. Zij komen 3.000 euro per jaar aan inkomen tekort. Het sociaal minimum moet omhoog."

(advertinsje)
(advertinsje)