Tolve sollisitanten wolle boargemaster fan Noardeast-Fryslân wurde

Tolve minsken hawwe sollisitearre nei de funksje fan boargemaster yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Yn totaal hawwe sân manlju en fiif froulju skreaun op de fakatuere.
© Noardeast-Fryslân
De jongste kandidaat is jonger as tritich jier. De âldste gadingmakker is âlder as sechstich jier. De sollisitanten binne lid fan de FNP (trije), de VVD (twa), de PvdA (twa), it CDA, GrienLinks en de Lokale Partij. Twa kandidaten binne gjin lid fan in politike partij.
Op dit stuit is Hayo Apotheker waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân. Nei alle gedachten sil de nije boargemaster fan de fúzjegemeente yn jannewaris takom jier begjinne.