Ferfolging yn saak De Vrieze

De fertochte yn de fermissingssaak fan de 45-jierrige Michael de Vrieze út Boerum wurdt ferfolge foar moard, ek al is it lichem fan De Vrieze noch altyd net fûn. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei dúdlik makke by de rjochtbank yn Grins.
Justysje tinkt dat de 35-jierrige fertochte yn april 2010 De Vrieze om it libben brocht hat. Beide manlju wiene húsgenoaten. Neffens it IM is der genôch bewiis yn de saak, ek al is der dus gjin stoflik omskot fûn.
Der is ûnder oare in fingerprint fan de fertochte fûn yn in bloedspoar fan it slachtoffer op de waskmasine. Ek makke de fertochte koart nei de ferdwining fan De Vrieze gebrûk fan syn auto en besocht er te pinnen mei syn pas. De fertochte flechte nei Turkije en letter nei Moskou. Dêr waard er oanholden.