Risping fan cranberrys op Skylge útsteld, beien noch net ryp

03 sep 2019 - 08:49

It hie tiisdei eins los moatten, mar de cranberryrisping op Skylge belibbet in falske start. Ut in ynventarisaasje op it eilân hat bliken dien dat de beien eins hielendal noch net klear binne om fan de planten helle te wurden.

Foto: ANP

"Ik hoop met een week of twee te plukken", fertelt Hans van Keulen, direkteur fan Cranberry Terschelling. "Dan hebben we de eerste verse bessen in de supermarkt liggen."

Noch net ryp

Elts jier wurdt inkelde dagen foar de plande risping sjoen hoe't de cranberrys derby stean. Op dit stuit binne de beien noch net ryp genôch. De kleur is noch net goed.

"Vorig jaar hadden we een hele goede oogst, dus het plantje heeft heel veel gegeven", neffens Van Keulen. "Daarom heeft de plant niet de tijd gehad om te herstellen. Ook was er dit voorjaar te weinig water.

Gjin tekoart

In tekoart oan cranberrys sil der neffens Van Keulen net ûntstean. "Er is zeker geen tekort en op de producten heeft het geen invloed. Voor de kwaliteit maakt het niet uit. Die is goed. We hebben dit jaar alleen wat minder bessen."

Hans van Keulen fan Cranberry Terschelling

Trefwurden: 
Skylge risping cranberry
(Advertinsje)
(Advertinsje)