Kollum: "De ûntdekking fan de iuw"

03 sep 2019 - 08:15

"In pear wike lyn wiene wy yn Sweden op 'e syk nei de Bilestien. Súdlik fan it plak Simrishamn, midden yn 'e fjilden en op sa'n 100 meter fan de kust, lei stiente fol mei tekeningen út de âldste Brûnstiid. Mear as 250 ôfbyldingen fan boaten, bilen, sinnetsjellen, weinen, wapens, bisten en minsken. In must foar elkenien dy't wat mei skiednis en histoarje hat. It wie kleare magy om de hân te lizzen op piktogrammen dy't minsken tûzenen jierren lyn makke hiene. Oerkeunst, dy't grutte yndruk makke troch har ferbyldingskrêft.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Op it paad werom lei in hângrutte stien mei platte kanten. Dy krige ik fan 'e grûn, oppere dat ast dêr in boat en in sinnetsjel yn skrastest, sa'n stien in moai oantinken wêze soe. No is in beskate ympulsivens my net frjemd, dat doe't wy yn ús tydlik thús wiene gie ik fuortendaliks oan 'e slach. Mei in lytse, skerpe stien skraste ik sa goed sa kwea prehistoaryske ôfbyldingen yn syn gruttere broer.

Dêr wie ik krekt klear mei doe't de gastfrou fan ús Airbnb-adres nei bûten ta kaam. Sûnder nei te tinken rûn ik mei de stien de tún yn. Ik fertelde har wêr't wy hinne west hiene, en wat ik dêr, ta myn grutte ferrassing, fûn hie. De mûle klapte har safier iepen dat ik sjen koe dat har mangels eartiids net knipt wiene. Har reaksje kaam my oer 't mad.

Fluch sei ik tsjin har dat it in geintsje wie, dat ik it sels dien hie. Mar se wie sa ferbjustere dat dy ynformaasje net mear ta har trochkrong. Se rôp dat se de stien oan har man en syn kammeraat sjen litte soe, dy wiene mei it tarieden fan in barbecue dwaande. Hielendal oerémis skeat se fuort, mei my op 'e hakken.

De kammeraat fan har man hie eksakt deselde reaksje doe't er de stien seach, en ek by him wiene de mangels net knipt wurden. Myn geintsje rûn folslein út 'e klauwen. Mei it swit op 'e kop besocht ik dúdlik te meitsjen dat it net echt wie. Se hearden it net, warskôgen my om der gjin foto's fan op Facebook te setten om't de plysje my oars oppakke soe fanwegen it stellen fan erfgoed. Op dat stuit kaam de gasthear om 'e hoeke. Hy hie in tange yn 'e hân en in glimk om 'e mûle. 'Made in China, tink?' sei er. Gelokkich wie Arvid net goedleauwich.

Unbedoeld hie ik dus foar fakenews soarge. Dat ynsidint ûnderstreket it gegeven dat goeleauwigens ien fan de grutste problemen fan dizze tiid is. De publike opiny wurdt stjoerd troch online nijsberjochten en sosjale media. Allegear ynformaasje dy't by definysje wantrouwen opwekke moat: dy kin ommers troch wa ek mar fersprieden wurde. De saneamde demokratisearring fan it nijs hat in floed oan desynformaasje en alternative feiten opsmiten.

Tanksij keunstmjittige yntelliginsje en machine-learningsystemen wurdt it hieltyd dreger om te bepalen wat echt is en wat net. Gelokkich binne der inisjativen om nepnijs tsjin te gean, mar úteinlik leit de oplossing by de minske sels. Echt lêze, écht neitinke is de iennichste remeedzje. Dat witte se yn Sweden no ek."

(advertinsje)
(advertinsje)