Bysûndere 'clash' tusken jong en âld oer takomstfyzje op it Provinsjehûs

03 sep 2019 - 07:17

In op it earste gesicht gewoane, wat saaie ynformaasje gearkomste op it Provinsjehûs yn Ljouwert oer de saneamde Nationale Omgevingsvisie, de NOVI, draaide moandeitejûn út op in bysûndere 'clash' tusken in jonge ynsprekster en de wat âldere fergader-tigers.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It makke treffend dúdlik dat âlderein en jongerein faak letterlik net deselde taal sprekke. De jonge ynsprekster makket har drok oer de takomst en hat it idee dat jongerein net genôch de kâns kriget dêroer mei te praten. Oaren setten dêr fraachtekens by.

"Op rieds- en steatefergaderingen komt hast nea in jongere en dy gearkomsten wurde allegearre goed bekend makke yn de media!" "Misschien komt het wel die houding", sei de ynsprekster. "Of jouw houding!", reagearre immen út de seal.

Wanneer bent u voor het laatst naar school geweest?

Jonge ynsprekster

It doel fan de jûn, ynformaasje útwikselje oer de takomstfyzje, kaam gelokkich ek noch nei foaren. Oer it feangreidegebiet, it waad en de Iselmar, de enerzjytransysje en ek de spoarferbining mei in noarden, de Lelyline, waarden neamd. Jongeren fan ferskate organisaasjes as Tienskip en 'Claim your future" leveren in bydrage, dus dy lûden wurde wis ek meinaam.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ek de pikearre ynsprekster sels kriget nochris de kâns har ferhaal te dwaan. Op inisjatyf fan Klaas Sietse Spoelstra, dy't efter har oan draafde, komt der noch in ferfolchpetear wêryn't benammen jongerein de kâns kriget him oer de takomstfyzje te uterjen.

Mear gearkomsten

De kommende moannen wurde ek yn oare provinsjes noch dizze ynformaasjejûnen holden en kin minsken 'sjochwizen' yntsjinje. Yn febrewaris of maart soe de NOVI dan presintearre wurde moatte.

Ferslachjouwer René Koster wie by de gearkomste op it Provinsjehûs

Trefwurden: 
takomst provinsjehûs NOVI
(Advertinsje)
(Advertinsje)