Sikkes-van den Berg: "Fakatueres yn de polityk lizze net foar it oprapen"

03 sep 2019 - 06:44

"Fakatueres yn de polityk komme net altyd op in gelokkich momint en lizze seker net foar it oprapen. Dêrom haw ik dizze kâns pakt." Dat seit Matthijs Sikkes-van den Berg yn reaksje op it nijs dat hy foardroegen wurdt as wethâlder yn de gemeente Diemen.

Matthijs Sikkes - van den Berg - Foto: GroenLinks

De 32-jierrige Sikkes-van den Berg is op dit stuit fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy sit noch mar krekt yn de Steaten, mar wurdt nei alle gedachten yn septimber al ynstallearre yn Diemen.

"Tsien jier fuort west"

Foar de politikus is it in moaie kâns, yn in gemeente dêr't er sels ek weikomt. "Ik haw tsien jier fuort west", fertelt Sikkes-van den Berg. "Op myn 21ste bin ik nei Fryslân gien. Ik hie it yn dit gefal net echt foar it kiezen; seker net as der in fakatuere is yn de regio dêr't eartiids wenne ha."

Sikkes-van den Berg hat al goed tsien jier in praktyk as ortopedagooch. Dêr hâldt hy mei op, no't hy wethâlder wurdt. Hy wennet op dit stuit yn Sint-Nyk, mar wol nei Diemen ferhúzje.

Portefúlje

Yn Diemen kriget Sikkes-van den Berg in portefúlje mei duorsumens, grien bûtengebiet, sosjale saken en iepenbiere romte. "De grutte útdaging is dat de gemeente selsstannich bliuwt", fertelt hy. "Want Diemen leit ticht tsjin Amsterdam oan."

Matthijs Sikkes-van den Berg

(advertinsje)
(advertinsje)