Halilovic lêste fersterking fan Sportklup Hearrenfean

03 sep 2019 - 06:12

Sportklup Hearrenfean hat him op it alderlêste momint noch fersterke mei in nije spiler. Alen Halilovic út Kroäsië komt nei It Hearrenfean. De 23-jierrige middenfjilder wurdt foar in seizoen hierd fan AC Milan.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Halilovic waard altyd sjoen as in supertalint, mar hat it by de grutte klups dêr't hy spile net wier makke. Sa spile hy al yn de jeugd fan Barcelona en waard hy letter ferkocht oan AC Milan. Ferline jier spile hy by Standard Luik yn België, mar ek dêr wie hy net wis fan in basisplak.

Neffens Gerry Hamstra woe Halilovic no nei in klup dêr't hy him ûntwikkelje kin. "Alen is een creatieve aanvallende middenvelder, waar we heel blij mee zijn. Hij wilde graag naar Heerenveen komen."

Gjin spits mear

Earder joech Hamstra oan dat SC Hearrenfean ek noch in oanfallende fersterking helje woe, mar dat is net mear slagge. "Of ik daar van baal? Ja, maar het is niet anders. We hebben het geprobeerd. Maar soms was de optie te duur, of niet beschikbaar of niet goed genoeg. Bovendien hebben we nu een goede spits."

Hearrenfean hat no mei Jens Odgaard, de hierling fan Sassuolo, mar ien echte spits yn de seleksje. "Ejuke kan ook nog in de spits", seit Hamstra dêrop.

Karriêre Halilovic

Jier Klup Wedstriden/goals
Oant 2014 Dinamo Zagreb 61-8
2014-2015 Barcelona B 29-4
2014-2015 Barcelona 1-0
2015-2016 Sporting Gijón 37-5
2016-2017 Hamburger SV 7-1
2017-2018 Las Palmas 39-2
2018-2019 Standard Luik 14-0
(Advertinsje)
(Advertinsje)