Dupearden fan Dream or Donate-kwestje wolle yn petear mei Mastenbroek

02 sep 2019 - 22:46

Dupearden fan de Dream or Donate-kwestje wolle neffens Royce de Vries fan advokatekantoar De Vries & Kasem yn petear mei Robert-Jan Mastenbroek. Moandetejûn wie der in besletten gearkomste foar minsken dy't noch jild sjen wolle fan Mastenbroek, de oprjochter fan de webside wêrmei't jild foar goeie doelen ynsammele wurde koe. Mar sûnt ferline wike wie de webside net mear berikber en it jild is fuort.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Op de gearkomste wiene sa'n 45 minsken. Dy soene foar sa'n 25 aksjes jild tegoede hawwe. Der is ek sprutsen oer mooglike juridyske stappen tsjin Mastenbroek. Dy seit sels dat it barren troch in hack komt.

Plannen

Sjouke Faber fan It Hearrenfean wie ek by de gearkomste, syn frou hat MS en fia Dream en Donate waard jild ynsammele. Sy binne 10.000 euro kwyt no't de site offline is. Hy joech earder al oan juridyske stappen te ûndersykjen.

Neffens Faber binne der mear plannen besprutsen mar is der noch neat konkreets út de gearkomste kommen. Foar in soad dupearden is it ynsammeljen de lêste hoop en twingt de tiid om't minsken in behanneling nedich hawwe.

Earste opsje

"Een gesprek met de oprichter van Dream or Donate is een eerste optie. Daarmee zou je de kwestie het snelst kunnen afhandelen," jout Royce de Vries fan it advokatekantoar oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)