Thierry Baudet makke net-melde plezierreiskes yn fleantúch Fokke de Jong

02 sep 2019 - 22:20

Forum voor Democratie-lieder Thierry Baudet soe neffens in ferhaal fan HP De Tijd op syn minst twa kear in flecht makke hawwe yn de priveejet fan sakeman Fokke de Jong fan Drachten. De Jong is oprochter fan it bedriuw SuitSupply, dat maatpakken ferkeapet. Baudet hat de flechten yn 2017 en 2018 net oanjûn yn it saneamde geskinken- of reizenregister fan de Twadde Keamer, mar it soe wol om tûzenen euro's gean. Dêrom is der opskuor ûntstien, mar de wurdfierder fan Baudet neamt it in 'priveekwestje.'

Fokke de Jong fan SuitSupply - Foto: ANP

Yn it blêd Quote hat Fokke de Jong earder syn relaasje mei Baudet relativearre. Sy soene inoar kenne fia Jort Kelder, dy't wol posearret foar SuitSupply, en Baudet soe wolris in pak by De Jong kocht hawwe.

De oprjochter fan SuitSupply neamde Forum voor Democratie in 'carnavalspartij.' Dochs mocht Baudet op útnûging fan De Jong wol meifleane. De bestimming fan Baudet wie ûnder oare Ibiza, nei it eksklusive Club Lio. Foar dy reis soe Baudet dus it fleantúch fan De Jong brûkt hawwe.

Doetiidsk senator Henk Otten soe doe tsjin Baudet sein hawwe: "Je begrijpt natuurlijk wel dat je die trip met de privéjet van Fokke moet melden bij de Tweede Kamer. Dit is absoluut meldingsplichtig in het giftenregister. Voor je het weet kom je in een Pechtold-rel terecht. Ik vind het enorm onverstandig en je brengt de partij in gevaar met dit gedrag."

(Advertinsje)
(Advertinsje)