Nanne Klompstra werom by basketbalklup Aris as assistint-coach

02 sep 2019 - 21:55

Nanne Klompstra komt werom by basketbalklup Aris yn Ljouwert. Hy wurdt assistint-coach fan coach Ferried Naciri. Klompstra is al bekend mei de klup, want yn de seizoenen fan 2015 oant 2017 wie hy ek al assistint-coach.

Foto: Aris Leeuwarden

Fierder wie Klompstra ek jierren coach by de jongerein yn Ljouwert. Ek wie hy belutsen by de nasjonale seleksjes foar de jongerein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)