Auto mei 4 minsken yn sleat

Auto Eanjum © 112Nederland, Jan Beets
By in ûngelok yn Eanjum binne snein fjouwer minsken ferwûne rekke. In 19-jierrige automobilist út dat plak ried oer de Skânserwei en hie syn auto net mear ûnder kontrôle, wêrtroch't er op 'e kop yn in sleat rekke. Omstanners hellen de bestjoerder en trije ynsitters út de auto en ferlienden earste help.
Alle fjouwer moasten mei de ambulânse nei it sikehûs. Dêr waard de bestjoerder oanholden. Neffens de plysje hie er tefolle dronken. De man moast syn rydbewiis ynleverje.