Cambuur-oanwinst Antonia tocht oan ophâlden: "Ik wil het plezier hier terugvinden"

02 sep 2019 - 21:46

Jarchinio Antonia is bliid dat hy de kommende twa jier ûnder kontrakt stiet by SC Cambuur. De 28-jierrige oanfaller waard moandei fêstlein troch de Ljouwerters. Hy makke by syn foarige klups op Syprus de tsjustere kant fan it fuotbaljen mei en dêr wol hy no mei ôfrekkenje.

De flugge bûtenspiler stie noch ûnder kontrakt by AEL Limassol en dy klup woe dat hy in nij kontrakt tekene. Mar, dan wol ûnder mindere betingsten.

Dat seach Antonio net sitten. "Dinsdag kreeg ik te horen dat ik een nieuw contract moest tekenen daar. Dat wilde ik niet en in dat geval mocht ik transfervrij weg", fertelt hy by syn earste stappen yn it Cambuur Stadion. Dy klup wie der dêrnei rap by. "Twintig minuten na het ontbinden van mijn contract had ik Foeke Booy (technysk manager by Cambuur) aan de lijn. Hij was er heel snel bij."

Foto: Orange Pictures

Er gaat daar behoorlijk wat mis.

Jarchinio Antonia oer fuotbaljen op Syprus

Dat Antonia no wer gewoan yn Nederlân fuotballet, docht him goed. By syn twa klups op Syprus, Omonia Nicosia en AEL Limassol, gie behoarlik wat ferkeard. "Late betalingen, ze zijn daar behoorlijk laks. Als ik aangaf dat ik wat moest betalen, zeiden ze: 'Laten zij ons maar bellen, want wij kunnen je nu het geld niet geven.' Er gaat daar heel wat mis."

It wie sels sa slim dat Antonia folslein ophâlde woe mei fuotbaljen. "Niet zo heel lang geleden had ik in mijn hoofd om definitief te stoppen met voetballen. En ik ben pas 28. Dus ik wil het plezier terugvinden."

Dy wille yn it fuotbaljen hopet hy werom te finen yn Ljouwert. "Ik heb zo'n goed gesprek gehad en een bepaald gevoel gekregen, dat ik lekker bij Cambuur het plezier terug wil vinden. Dat heb ik op Cyprus verloren."

Booy is bliid mei de komst fan Antonia. In fleugeloanfaller is wat de klup noch socht. Dat Booy der sa rap by wie, nammentlik tweintich minuten nei it ferbrekken fan syn kontrakt op Syprus, kaam troch it netwurk fan de technysk manager. "Goed contact houden met zijn zaakwaarnemer. Als je dicht bij de bron zit, kun je snel toeslaan. Dat hebben we gedaan."

It iennige wat no net slagge is, is om noch in ferdigenjende middenfjilder te heljen. "Die kansen hebben zich wel voorgedaan, maar spelers moeten het wel willen. Of ze moeten betaalbaar zijn."

Ien fan de spilers dy't yn byld wie foar de posysje fan ferdigenjende middenfjilder, is Damian van Bruggen fan VVV-Venlo. Mar dat kaam net rûn. Booy: "Hij wil niet op '6' spelen, maar ziet in zichzelf een centrale verdediger. Dan kunnen wij dat wel willen, maar zo werkt dat niet."

Debút op sneon?

It is noch net wis oft Antonia oankommende sneon al yn aksje komme kin, as de Ljouwerters de útwedstriid tsjin Telstar spylje. "Ik heb last van mijn enkel, dat is een blessure die ik heb opgelopen in de Europa League. Daar gaan we gelijk mee aan de slag en wie weet kan ik dit weekend al spelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)