Kapkonstruksje-bedriuw lit nij gebou sette op Hegediken yn Dokkum

02 sep 2019 - 21:43

It bedriuw Pext sil ferhûzje fan de Holwerterwei nei in lokaasje oan de Beurtvaart yn Dokkum. It giet om in bedriuw dat ûnder oare houten oerkapingen en aluminium carports produsearret. Se binne ek bekend fan in feranda mei sinnepanielen. Pext sil op yndustryterrein Hegediken in nij ûnderkommen sette litte. Ein fan dit jier wolle se deryn.

Foto: Pext

It bedriuw bestiet yntusken fiif jier en hat acht meiwurkers. Pext besiket de bou sa duorsum mooglik oan te pakken troch bygelyks foar regionale boubedriuwen te kiezen. Dêrom binne ûnder oare boubedriuw Postma en Ensel Staalkonstrukties oanlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)