Farwei by Rie goed twa moannen ticht fanwege opheegjen brêge
Om't de brêge by it doarp Rie ophege wurdt, is de farwei De Rie goed twa moannen net trochfarber. It giet dan om it stik op 'e hichte fan de brêge boppe it doarp. De perioade mei wurksumheden rint fan 30 septimber oant en mei 28 novimber, dat makke provinsje Fryslân bekend.