PvdA Smellingerlân wol ek goedkeapere wenningen duorsum

De Partij van de Arbeid yn Smellingerlân wol ûndersykje oft der mooglikheden binne om wenningen yn de gemeente duorsumer te meitsjen. Benammen foar minsken mei in goedkeapere wenning is dat op it stuit noch dreech, neffens de partij. En dus freget de PvdA oan it kolleezje om in nije mooglikheid te ûndersykjen.
© Omrop Fryslan
"Wy prate oer in segmint fan rûn de twa ton," seit PvdA-riedslid Dinie Mulder. "Foar sokke eigeners is it dreech om jild te ynvestearjen as it giet om it duorsum meitsjen fan in hûs. Der lizze in soad kânsen oan de ûnderkant fan de keapmerk."
"Wy sjogge in skieding tusken de 'beter gesitueerden' en de ûnderkant fan de keapmerk. De minsken yn it hegere segmint ferdjipje harren der better yn en foar dy minsken binne de regelingen ek better berikber. Mar de minsken dy't wy bedoele, heakje earder ôf en witte der ek minder fan," jout Mulder oan.

Tydlike erfpachtregeling

De PvdA tinkt dat miskien stimulearje te kinnen mei in tydlike erfpachtregeling. Mulder: "Dat klinkt yngewikkeld, mar dat is it net. De wenning stiet op grûn en jo ferkeapje tydlik de grûn oan de gemeente en hiere foar in bepaalde tiid de grûn werom fan de gemeente."
De grûn ûnder de wente wurdt dan tydlik eigendom fan de gemeente. "It bedrach dat it wurdich is, kinne jo ynvestearje. En jo betelje troch in hierkonstruksje sels de liening werom oan de gemeente," leit Mulder út.
In lid fan de partij kaan mei de tip, mar it leit yngewikkeld om't it gemeentlike polityk is. Dêrom wol de fraksje mei dizze moasje no sjen oft it mooglik is soks te stimulearjen.
PvdA-riedslid Dinie Mulder fan Smellingerlân