Fraksjefoarsitter GrienLinks ferlit Provinsje en wurdt wethâlder yn Diemen

02 sep 2019 - 20:42

Matthijs Sikkes-van den Berg is op dit stuit fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Provinsjale Steaten, mar wurdt foardroegen as wethâlder yn Diemen. De 32-jierrige fraksjefoarsitter siet noch mar koart yn de Steaten, hy wie earder rom fiif jier fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de gemeenteried fan De Fryske Marren. Sikkes-van den Berg wennet op dit stuit yn Sint Nyk, mar wol op termyn nei Diemen ferhûzje. De ferwachting is dat hy al yn septimber ynstallearre wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Diemen soe hy him rjochtsje moatte op de portefúlje dy't giet oer duorsumens, grien bûtengebiet, sosjale saken en iepenbiere romte.

De ôfrûne moannen hat in seleksjekommisje mei ferskate kandidaten om tafel sitten. De trije kandidaten dy't it meast geskikt wiene, binne dêrnei yn petear gien mei de riedsfraksje. Dy hat ôfrûne wykein de kar makke.

Sikkes-van den Berg hat al goed tsien jier in praktyk as ortopedagooch. Dêr hâldt hy mei op, no't hy wethâlder wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)