PvdA en GrienLinks: definsje moat fergunning by fleane oer Waadgebiet

02 sep 2019 - 20:30

GrienLinks en de Partij van de Arbeid wolle dat definsje in natuerfergunning oanfreget as der oer it Waadgebied flein wurdt. "De Waddenvereniging en Natuurmonumenten hebben gelijk: defensie moet een natuurvergunning aanvragen voor militair vliegverkeer boven het Waddengebied," fine GrienLinks-steatelid Elsa van der Hoek en PvdA-steatelid Marijke Roskam. De steatefraksjes hawwe dêrom skriftlik fragen steld oan Deputearre Steaten.

Foto: ANP

Ofrûne wykein seine ferskate media dat definsje al jierren sûnder natuerfergunning boppe it Waadgebied fljocht, ûnder oare mei F-16's. Natuerorganisaasjes as Natuurmonumenten en de Waadferiening wolle dat dit feroaret. Klachten oer it leven boppe it Waadgebiet nimme ta.

Der wurdt in soad oefene en yn april ferstoarden strieljagers in koloanje leppelbekken op East-Amelân, wylst it Waadgebiet kwetsber en beskerme Natura2000-natuergebiet is en op de Wrâlderfgoedlist stiet.

Yn 2008 hat steatssekretaris fan Definsje Jack de Vries tasein in fersyk yn te tsjinjen foar in natuerfergunning foar militêr ferkear. Neffens de natuerorganisaasjes is dit noch hieltyd net bard.

(advertinsje)
(advertinsje)