Provinsje fynt wynpark Nij Hiddum Houw nedich om't lytse mûnen ferdwine

02 sep 2019 - 20:19

Foar- en tsjinstanners fan it wynpark Nij Hiddum Houw stiene moandei tsjinoer inoar by de Ried fan Steat yn Den Haag. By de kop fan de Ofslútdyk moatte sân wynturbines komme fan 188 meter heech. De Ried fan Steat wie ktitysk, mar dochs is de kâns lyts dat it plan hielendal fan tafel giet. De rjochter joech oan dat der binnen seis wiken in útspraak komt. Dat it wol efkes duorret komt troch de kompleksiteit fan de saak en de beswieren dy't yntsjinne binne.

Foto: Omrop Fryslân

Tsjinstanners fine it net nedich dat it wynpark der komt en stapten moandei nei de Ried fan Steat. Albert Koers fan 'Hou Friesland Mooi' joech oan dat de provinsje in sinfolle diskusje oer de needsaak fan it wynpark by foarrie al weiwiuwd hat troch yn 2014 fêst te lizzen dat der yn de noardwesthoeke in wynpark komme moast dat 36 mW oan enerzjy opwekke moat.

Neffens Koers is de 36 mW net mear nedich no't alle Fryske wynparken al 60 mW mear opwekje dan eins de bedoeling wie. Yn 2020 moat Fryslân fan it Ryk 530 mW oan wynenerzjy opwekke. Fryslân komt dêr mei alle wynparken al mei 60 mW boppe, lit stean as Nij Hiddum Houw der noch by komt.

Lytse mûnen ferdwine

De provinsje seit lykwols dat de hjoeddeistige wynmûnen troch it âlder wurden hieltyd minder megawatts opleverje. Ek sille der lytsere wynmûnen ferdwine yn de kommende jierren, sa tinkt de provinsje. De provinsje hat derfoar keazen besteande solitêre mûnen net te ferfangen troch grutte wynturbines, mar inkeld troch mûnen fan deselde omfang. Mar sokke lytse mûnne krije gjin subsydzje mear en leverje net in soad mear op.

Dêrom sille lytse mûnen ferdwine en bliuwt Nij Hiddum Houw nedich as kompensaasje. Boppedat moat der ek nei 2020 mear op duorsume enerzjy oergien wurde.

Koers fynt dat de ekstra duorsume enerzjy net perfoarst fan wynenerzjy komme moat. De sisman fan 'Hou Friesland Mooi' wiist bygelyks op ierdwaarmte en sinne-enerzjy.

Lokaasje

Ek is der in soad te dwaan om de lokaasje fan it park. "Van te voren stond vast dat er één windpark van 36 mW nabij de Afsluitdijk moest komen. Andere mogelijkheden, zoals een combinatie van kleinere parken, werden uitgesloten," seit Koers.

De provinsje wol wynturbines safolle as mooglik byinoar sette, om't Fryslân net sit te wachtsjen op in rommelich lânskip mei mûnen op in soad plakken. De Iselmar foel as lokaasje ôf en dêrom wol men no de Ofslútdyk.

Waadferiening benaud

Auke Wouda fan de Waadferiening sei it frjemd te finen dat de provinsje sa fêsthâldt oan in wynpark yn de noardwesthoeke. Neffens de feriening binne der net genôch alternativen ûndersocht. Wouda fynt fierder dat de wynturbines in bedriging binne foar de natuer en benammen fûgels.

(advertinsje)
(advertinsje)