Sportcast: "Gerry Hamstra sit wol faker mis"

02 sep 2019 - 19:58

It is de lêste dei fan de transferperioade. Hearrenfean luts in tropyske ferrassing oan út Fjetnam, wylst Cambuur ien út Syprus weromhelle nei Nederlân. Presintator Andries Bakker praat mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber oer it lêste nijs, it NK fierljeppen en de knappe prestaasje fan roeister Ymkje Clevering.

Foto: Omrop Fryslân

Sportcast 2 september 2019

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Arjen de Boer falt daalks mei de doar yn hûs. "Moai dat der noch in linksback by komt, mar Hearrenfean hat ferlet fan in spits." Op it momint fan opnimmen is it 18.30 oere. "Woudenberg syn kontrakt is krekt ferlinge. Dêr hat Gerry Hamstra betrouwen yn. Mar wat seit dat? Gerry Hamstra sit wol faker mis."

Dêrnei komt der in list mei spilers dy't neffens De Boer mislearre binne by Hearrenfean. Roelof de Vries is minder negatyf oer Hamstra. "Ik fyn de oankeapen fan dit seizoen hiel logysk. Der wurde tefolle spilers hierd, mar ek dat is de nije realiteit. Hearrenfean hat net mear safolle jild om út te jaan."

Arjen de Boer: "Gerry Hamstra hat safolle spilers hierd, ik haw sels heard dat hy yn in hierhûs wennet."

Foto: Omrop Fryslân

Krekt foar it opnimmen fan dizze podcast, presintearret Cambuur in nije spiler. Jarchinio Antonia wurdt oanlutsen. Healwei de opnamen komt ferslachjouwer Andor Faber yn de studio. "Antonio hat wol in opmerklik ferhaal. Hy fûn it fuotbaljen yn Syprus hielendal neat. Dat wurdt neffens Antonia moaier makke as it is. Hy krige syn jild net en is bliid dat hy wer yn Nederlân oan de slach kin."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)