Man lilk nei kaartsjekontrôle

09 jul 2012 - 10:13
Arrivatrein yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

In 30-jierrige man út Frjentsjer is snein oanholden foar besykjen ta swiere mishanneling. Twa kontroleurs fan Arriva hiene him op it treinstasjon fan Ljouwert oansprutsen, omdat er gjin kaartsje hie. Efkes letter rûn de man wer op it perron en waard er op 'e nij oansprutsen. Doe helle er ynienen út.

De kontroleurs wisten syn fûst te ûntwiken en droegen him oer oan de plysje. Hy is fêstset op it buro. Nei alle gedachten wie er ek noch yn it besit fan in stellen fyts.

Trefwurden: 
Arriva kaartsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)