Ludyk protest op 'e Jouwer: 'Torenstraat' feroare yn 'Torenweg'

Op de Jouster Toer is sûnt dit wykein in ludyk protest oanbrocht. It strjitnambuordsje mei 'Torenstraat' is ynienen feroare yn 'Torenweg.' It liket stilswijende krityk op it feit dat der noch hieltyd neat bard is mei de spits fan de Hobbe van Baerdt Tsjerke op De Jouwer. Yn novimber 2018 is de spits fan de toer helle om't it hout slim fertutearze wie. De restauraasje moat 285.000 euro kostje, mar gemeente De Fryske Marren en Stichting Behoud Rijksmonuminten binne op syk nei sponsoaren om it folsleine bedrach byinoar te krijen.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It strjitnambuordsje is mei in sticker beplakt. Wa't foar de aksje soarge hat, is net bekend. Op sosjale media binne der in soad minsken dy't it protest wol wurdearje kinne.