Brân op Flylân feroarsake troch oefenbom definsje dy't syn doel miste

02 sep 2019 - 18:08

De brân yn natuergebiet De Vliehors op Flylân earder moandei is feroarsake troch in oefenbom dy't syn doel miste. Dat meldt definsje. In F-16 wurp moandei de oefenbom ôf boppe it eilân, mar dy kaam op it ferkearde plak telâne.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De bom kaam yn de dunen telâne. Dêrby ûntstie in grutte brân. Materieel en personiel fan Steatsboskbehear, de brânwacht en definsje hawwe it fjoer bestriden. De brân wie ticht by de sjittoer op De Vliehors, oan de westkant fan it eilân. De F-16 dy't belutsen is by de brân komt fan de fleanbasis Volkel. Der wurdt ûndersocht hoe't it barre koe dat it fleantúch syn doel miste.

Wurdfierder Jayme Tol fan de fleanbasis oer de brân

Wurdfierder Jayme Tol fan de fleanbasis leit út hoe it ûngelok barre koe: "Een F-16 van ons heeft vanmiddag een standaard oefenvlucht gemaakt. Daarin heeft hij een bom afgeworpen en normaal gesproken raakt die het doel. Het gaat niet om precisiemunitie maar om een klein oefenbommetje. Maar die heeft z'n doel gemist en daardoor is er brand ontstaan in een duinpannetje."

It komt hiel krekt wannear't sa'n oefenbom loslitten wurdt. "De F-16's maken een duikvlucht en als ze weer optrekken kiezen ze een moment waarop ze de bom gooien. Dat komt heel nauw. Daar ligt de oorzaak dat de bom z'n doel gemist heeft."

De bom wie sa'n 50 sintimeter lang en 10 sintimeter yn trochsnee. Tol: "Het bevat een flitslading. Wanneer het bommetje contact maakt met de grond of het doel zie je een flits en wat rook. Die flits heeft bij het gras de duinbrand veroorzaakt. Maar we gooien er jaarlijks honderden op De Vliehors."

Daalks aksje

Het personeel op de grond heeft het gezien en direct actie ondernomen. Er is een militaire brandweer aanwezig om De Vliehors. Die is uitgerukt en begonnen met blussen, maar door het moeilijke terrein en door de harde wind breidde de brand zich razendsnel uit. Dat is het moment dat de gewone brandweer van Vlieland ingeschakeld is.

Evaluaasje

Fansels fynt men it net leuk dat de brân ûntstien is. "We proberen alles zo goed mogelijk te doen, dus natuurlijk is het balen. Er wordt intern onderzocht hoe het kon gebeuren. En natuurlijk zullen de acties van vanmiddag ook geëvalueerd worden," seit Tol.

(advertinsje)
(advertinsje)