Yn Harns 4000 kratten stellen

09 jul 2012 - 10:06

Grientegruthannel Alta yn Harns is bestellen fan 4000 kratten mei in wearde fan goed 15.000 euro. Yn de nacht fan sneon op snein is it stek fan it terrein oan de Oude Trekweg forsearre. De kratten stiene bûten opslein en moatte neffens de eigner ien foar ien op in frachtwein laden wêze.

By in kollega-gruthannel binne lêstendeis 8000 kratten stellen. Dy wurde yn it bûtenlân ynwiksele foar it staasjejild. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen dy't de frachtwein sneintemoarn betiid sjoen hawwe.

Trefwurden: 
kratten
(advertinsje)