Achtkarspelen yn de striid foar meast Bij-Freonlike Gemeente fan Nederlân

02 sep 2019 - 17:14

Achtkarspelen is yn de race foar de titel Bij-Freonlikste Gemeente fan Nederlân. De nominaasje komt fan Nederland Zoemt, in gearwurkingsferbân dat him ynset foar bijen en bioferskaat. De 15 gemeenten dy't nominearre binne, sette harren bysûnder yn om in feilige thúshaven te wêzen foar wylde bijen. Achtkarspelen is de iennige Fryske gemeente dy't keazen is.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens Nederland Zoemt binne der no 62 Nederlânske gemeenten bij-freonlik, dat is 17 persint fan it totaal. In gemeente dy't bij-freonlik is soarget foar foldwaande bloeiende planten en nêstgelegenheid, plus goed bermbehear. It gersmeanen bart let yn it jier en der wurde beammen plante dy't goed binne foar bijen. Boppedat docht de gemeente der aktyf wat oan om bewenners út te lizzen wat sy sels dwaan kinne foar in better bioferskaat. Ek wurde gemeentemeiwurkers oplaat yn bij-freonlik behear.

De winner wurdt op 2 novimber bekend, op de lanlike Natuerwurkdei. Zoetermeer wie ferline jier de Bij-Freonlikste Gemeente. Nederland Zoemt is in projekt fan LandschappenNL, Naturalis, IVN Natuureducatie en Natuur & Milieu.

Bijen de kâns jaan

"Wij hebben er ons best voor gedaan, wij vinden het belangrijk dat de bij niet uitsterft. De natuurwaarden zijn hier vrij groot en dat proberen we door te voeren in het beleid," seit beliedsmeiwurker Ragna van Sonsbeek fan gemeente Achtkarspelen. Sa wurde lânseigen blommen werom brocht en wurde tunen ferbûn.

Van Sonsbeek: "We hebben sinds 1980 een ecologisch maaibeleid op bepaalde gebieden. We zijn bezig met hoe krijgt de natuur en hoe krijgen de bijen de meeste kans." De gemeente siket dêrom ek gearwurking mei projekten as 'Buitenpost, daar wil je bij zijn' en wurket fierder op it Kulturele Haadstêd 2018-projekt 'Silence of the Bees' fan De Kruidhof yn Bûtenpost en it saneamde Bijenpakt.

Ferslachjouwer René Koster yn Bûtenpost mei Ragna van Sonsbeek fan de gemeente

De gemeente stipet lokale inisjativen en projekten, lykas Stichting Wrâldfrucht. Henk Pilat fan de stichting fertelt dat dêrmei ûnder oare 55.000 blombollen yn Bûtenpost en Kollum plante wurde. Dy planten kinne ek ferwylderje, sa't sy der net mar ien kear steane.

Henk Pilat fan Stichting Wrâldfrucht yn Bûtenpost

(Advertinsje)
(Advertinsje)