Doan nei Hearrenfean: "Jim sille noch in soad fan my hearre"

02 sep 2019 - 17:05

SC Hearrenfean hat 'm no offisjeel binnen: Doan Van Hau, de earste Fjetnamese fuotballer yn de earedifyzje. De linkerferdigener, dy't ek links sintraal út de fuotten kin, wurdt foar ien seizoen hierd fan Hanoi FC. Hearrenfean hat ek in opsje ta keap betinge.

Van Hau is 20 jier en makke op 17-jierrige leeftiid syn debút yn de Aziatyske Champions League. Yn Fjetnam wurdt er sjoen as ien fan de grutste talinten. Yn 2017 wûn hy de priis foar meast talintfolle spiler. Boppedat hat hy al syn debút makke yn de nasjonale ploech fan Fjetnam.

"Ik bin bliid dat ik hjir no bin", seit er. "Jim sille noch in soad fan my hearre."

Oertsjûge

"We hebben hem uitgebreid bekeken, persoonlijk gesproken en zijn overtuigd van zijn kwaliteiten", seit technysk manager Gerry Hamstra. "Daarom hebben we in de deal ook een optie tot koop bedongen zodat ook een langer verblijf tot de mogelijkheden behoort."

Kommersjeel oantreklik

Omdat Van Hau fan bûten de Europeeske Uny komt, moat hy in jiersalaris fan 436.000 euro ha. Sa'n bedrach is foar Hearrenfean-begripen gewoanwei net te beteljen.

Doan Van Hau - Foto: www.orange-pictures.nl

Mar Van Hau is in wrâldstjer yn syn heitelân. Hy hat hûnderttûzenen folgers op Instagram en dus is er kommersjeel ynteressant. De kommersjele ôfdieling fan Hearrenfean is der yn slagge deals te sluten mei tal fan Fjetnameeske bedriuwen om syn komst mooglik te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)