SC Cambuur hellet mei Antonia nije oanfaller

SC Cambuur fersterket de seleksje mei Jarchinio Antonia. De oanfaller tekenet yn Ljouwert in kontrakt foar twa jier. Hy spile hjirfoar op Syprus by AEL Limassol, mar dêr rûn er yn july út syn kontrakt. Mei de komst fan Antonia liket de seleksje fan Cambuur rûn te wêzen. Antonia moat noch wol medysk keurd wurde.
Jarchinio Antonia mei Henk de Jong © Orange Pictures
Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur is bliid mei it oanlûken fan Antonia. "Jarchino zijn staat van dienst spreekt voor zich en met zijn snelheid, diepgang en creativiteit is het een speler die altijd voor gevaar zorgt. Dat zijn de precies de kwaliteiten die we graag nog aan onze selectie wilden toevoegen en hiermee heeft de staf ook voorin meerdere wapens om uit te kiezen", fertelt hy op de webside fan de Ljouwerters.
Antonia is 28 jier en spile yn Nederlân foar ûnder oaren Go Ahead Eagles en FC Groningen. De lêste twa jierren spile hy op Syprus by Omonia Nicosia en AEL Limassol. Tagelyk is hy ek ynternasjonal fan Curacao.