Plak foar 2.250 pasjinten yn nije húsdokterspraktyk Ljouwert

02 sep 2019 - 16:29

Ynwenners fan Ljouwert kinne harren fan moandei ôf ynskriuwe by de nije húsdokterpraktyk op it Cambuurplein. Dêrmei liket it húsdoktertekoart yn Ljouwert nei twa jier foareast oplost te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de praktyk fan medTzorg is romte foar sa'n 2.250 pasjinten, mar safolle oanmeldingen binne der noch lang net. "We hebben nu zo'n 50 mensen die zich al hadden geïnteresseerden in de afgelopen maanden", fertelt de direkteur fan medTzorg, Frank Diepersloot.

Húsdokters út de regio

Op dit stuit steane der trije húsdokters klear om útein te setten yn de praktyk. Ien komt út Fryslân en twa binne in soarte ynterim-húsdokters. Diepersloot: "Het is de bedoeling dat deze twee in 2019 nog vervangen worden door huisartsen uit de regio."

De praktyk is noch net klear. Nei alle gedachten geane de doarren healwei septimber foar de earste kear iepen.

MedTzorg

MedTzorg is in lanlike organisaasje mei in haadkantoar yn Utrecht. Sy sette harren yn foar húsdoktersoarch by bysûndere doelgroepen, mar steane ek iepen foar oare Ljouwerters.

(Advertinsje)
(Advertinsje)