PvdA Eaststellingwerf wol Ter Heide kwyt, mar hy wol sels bliuwe

De Partij van de Arbeid yn Eaststellingwerf hat brutsen mei riedslid Simon ter Heide (64) fan Aldeberkeap. Dat stiet yn in ferklearring op de partijwebside. Ter Heide sels seit dat er gewoan by de PvdA bliuwe wol: "Ik heb geen intentie om weg te gaan."
© PvdA Ooststellingwerf
Yn de ferklearring op de webside fan de PvdA Eaststellingwerf stiet dat it ôfrûne healjier bliken dien hat dat der te folle mieningsferskillen binne tusken Ter Heide en de rest fan de fraksje oer de ynhâldlike politike koers en oer de toan yn it debat. Neffens de fraksje, dy't no ûnder lieding stiet fan Jelke Nijboer, is der in 'onwerkbare situatie' ûntstien.
Koart nei de ferkiezingen krige Ter Heide in hertynfarkt en in harsenblieding. Dêrtroch wie er in skoftlang net aktyf. Krekt yn dy perioade kaam de PvdA nei tolve jier wer yn de koälysje, wylst Ter Heide de ôfrûne jierren as fraksjefoarsitter it boechbyld wie. Mar no wol de partij dus fan him ôf.
Dit is heel moeilijk om te verwerken en te verteren.
Simon ter Heide
"Je ziet wel dingen aankomen", seit Ter Heide. "Maar voor mij is dit heel moeilijk om te verwerken en te verteren. Ik ben al vanaf 1979 lid van de partij. En ik zit nu al veertien jaar in deze gemeenteraad."

Gruttere spanningen en demotivaasje

Ter Heide kaam yn novimber ferline jier werom yn de polityk, nei syn hertynfarkt en harsenblieding. "Het werd al gauw duidelijk dat Simon moeite had om aan de totaal nieuwe situatie te wennen", seit de partij yn de ferklearring op de webside. "Steeds vaker bleek dat zijn mening sterk afweek van de andere fractieleden. Daar hebben we dan ook de nodige discussies over gevoerd. Ondanks vele pogingen om op één lijn te komen, bleven de meningsverschillen helaas opspelen. Uiteindelijk leidde dat zelfs tot toenemende spanningen en demotivatie bij individuele fractie- en commissieleden."
Sels seit Ter Heide dat it ferskil fan miening foaral siet yn de wize wêrop't de fraksje it kolleezje stipet. "In hoeverre volg je de coalitie, steun je het college? Waar denk je constructief mee en waar breng je verbeteringen aan?" Dat der wat feroare is sûnt hy wer werom is, sjocht hy ek. "Er is een nieuwe manier van werken ontstaan."

Underfining en knowhow

Hy tinkt dat de PvdA-fraksje him noch goed brûke kin. "Ik ben de enige met heel veel ervaring en met knowhow. Veel mensen in de fractie zijn nieuw."
As it oan him leit, bliuwt er gewoan aktyf foar de PvdA. "De eerste maanden wil ik even zien hoe het gaat. Als het te veel logistieke problemen oplevert, dan roep ik misschien de fractie-Ter Heide in het leven. Dat kan het geval zijn als ik bijvoorbeeld niet genoeg spreektijd krijg. Over een of twee maanden neem ik dan een besluit."

Allinnich ferliezers

Hjoeddeisk fraksjefoarsitter Nijboer sprekt fan in tige pynlike stap. "Een beslissing die wat ons betreft alleen maar verliezers kent."
Tiisdeitejûn is de earste kommisjegearkomste mei de nije situaasje by de PvdA Eaststellingwerf.