Eigener houtbedriuw looft 25.000 euro beleanning út foar tip nei ynbraak

02 sep 2019 - 15:36

By it bedriuw Gommers Houtbouw yn Kollumersweach is yn de nacht fan 27 op 28 augustus ynbrutsen yn de loads en yn it kantoar. Wat de dieven meinommen hawwe, is net bekend makke. Mar der is wol in klûs iepenbrutsen. Eigener Tjipco Gommers seit no in beleanning út te loven fan 25.000 euro foar de gouden tip dy't nei de ynbrekkers wiist.

"Voor de gouden tip, of wie deze man bij mij brengt loof ik 25 duizend euro uit," dat is wat Gommers snein op syn eigen Facebookside skreau. Hy pleatste dêr bylden by fan in kamera by it bedriuw.

De dieven brutsen meardere ruten iepen om binnen te kommen. Der wie al sein dat der op 27 augustus in auto foar it bedriuw oan de Teake Pieterslân stie, dy't ek oan de Hanenburch yn it doarp sjoen is. Mooglik soe dy wat te krijen hawwe mei de ynbraak.

Foto: Gommers Houtbouw
(Advertinsje)
(Advertinsje)