Ljouwerter fiadukt wurdt earste tûke fiadukt fan Nederlân

It Stephensonfiadukt yn Ljouwert wurdt in 'tûk' fiadukt, in smart bridge. It fiadukt kriget de kommende tiid tsientallen sensoaren wêrmei't sjoen wurde kin hoelang't it noch mei kin. It giet om in projekt fan yngenieurs- en advysburo Antea Group en de gemeente Ljouwert. It is foar it earst dat dit yn Nederlân gebeurt.
© Antea Group
Der binne in hiel soad brêgen en fiadukten yn Nederlân dy't yn de jierren sechstich boud binne en dy't oer net al te lange tiid oan ein binne. It systeem mei sensoaren kin helpe om ynsjoch te krijen yn wat in brêge of fiadukt noch ha kin en hoe lang oft se noch mei kinne.
It Stephensonfiadukt yn it súdwesten fan Ljouwert gie yn 1963 iepen foar it ferkear en soe yn teory yn 2043 oan 'e ein wêze. De gemeente Ljouwert wol witte oft dat ek echt sa wêze sil. It fiadukt kriget dêrom sensoaren dy't fertelle wat de echte kondysje is en hoelang't it noch mei kin.

Ynformaasje sammelje

De sensoaren sammelje ynformaasje oer hoefolle ferkear der oerhinne giet, oan watfoar temperatuer it fiadukt bleatsteld wurdt en hoefolle belesting it oan kin. Fan al dy gegevens wurde rekkenmodellen makke dy't hiel krekt foarsizze wat de aktuele steat fan it fiadukt is en wannear't it ferfongen wurde moat. De gemeente kin sa ek hiel krekt regelje wêr't en wannear't ûnderhâld nedich is.
Erik Deuring fan de Anteagroep oer it Stephensonfiadukt