UPDATE: Dúnbrân yn natuergebiet op Flylân ûnder kontrôle

02 sep 2019 - 15:56

De brân yn natuergebiet de Vliehors op Flylân is ûnder kontrôle. De brânwacht sette grut materieel yn en mei help fan de loftmacht slagge it om it fjoer út te meitsjen. Definsje waard ynskeakele om't it dreech wie om oan wetter te kommen yn it dúngebiet. It giet om it gebiet fan sa'n 100 by 85 meter. De brânwacht wol gjin útspraken dwaan oft de brân te krijen hat mei aktiviteiten by it militêr oefenterrein yn de buert.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ut foarsoarch hat de brânwacht oanjûn dat it om in grutte brân gie. De earste melding waard dien krekt nei healve trijen. Om kertier foar trijen waard der opskaald nei in grutte brân. Der waard ek in blusgroep út Wytmarsum oproppen.

De brânwacht hat in saneamde 'stoplijn' makke om foar te kommen dat it fjoer fierder it eilân yn lûke koe.

Hoe't de brân krekt ûntstie, is op dit stuit net bekend.

Maaike Koonstra fan brânwacht Fryslân

Trefwurden: 
Flylân natuerbrân Vliehors
(Advertinsje)
(Advertinsje)