Soarch oer stipe skipsbou

11 nov 2011 - 18:57

Fryske skipsbouwers meitsje har slim soargen oer it ferdwinen fan geunstige belestingmaatregels foar it finansieren fan grutte seeskippen. Troch de finansjele krisis is it foar rederijen al hiel dreech om jild te lienen by de bank. No kinne se noch gebrûk meitsje fan de saneamde 'willekeurige afschrijving', mar dy rint dit jier ôf.

De skipsbouwers hawwe meielkoar in brief skreaun oan de Twadde Keamer. Sy wolle dat de regeling ferlingd wurdt. Takom wike behannelt de Twadde Keamer it belestingplan foar takom jier. De skipsbouwers neame ferlinging 'krusjaal foar tûzenen arbeidsplakken'.

De skipsbouwers komme mei har soargen yn de Maritime wike. Dy wurdt sneon ôfsletten mei in iepen dei. Yn Fryslân is dat by Barkmeijer yn Strobos, mar ek op ek de werven fan Talsma yn Frjentsjer, Damen yn Burgum en Bylsma op De Lemmer.

(advertinsje)