FNP wol opheldering oer sinnepark by Ofslútdyk

De steatefraksje fan de FNP wol opheldering oer it sinnepark dat by de Ofslútdyk komt. Neffens de partij wie der yn july noch gjin kar makke oer it sinnepark, mar no blykt dat it Ryk in driuwend sinnepark by Breesândyk tastiet.
© ANP
De FNP wol no witte wannear't it provinsjebestjoer op de hichte wie fan de plannen fan it bedriuw Sunfloat. Sijbe Knol fan de FNP: "Op 10 july wie der neffens it kolleezje neat te rêden, wylst út stikken fan de gemeente Súdwest-Fryslân bliken docht dat der op 19 april al in konsept-oanfraach lei foar in driuwend sinnepark op 'e Iselmar."

Moasje tsjin

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat op 6 juny 2019 in moasje oannommen tsjin de ûntwikkeling fan sinneparken op de Iselmar. Dêrnjonken hat in grut tal ynwenners, mei organisaasjes lykas It Fryske Gea en it Koninklijk Nederlands Watersport Verbond, in petysje tekene tsjin de oanlis fan it sinnepark.