Skûtsje leit klear foar pleatsing op Drachtster rotonde

02 sep 2019 - 13:09

Der komt in skûtsje op in rotonde yn Drachten. Dêrmei wol de gemeente Smellingerlân de Drachtster skûtsjehistoarje betinke. De rotonde leit oan de Noarderhegewei en Nijtap, yn it noardeasten fan Drachten.

Foto: Bolt Transport

Tolve eigeners fan skûtsjes dy't harren ferbûn fiele mei Drachten, wolle dat Drachten it skûtsjeplak fan Fryslân wurdt. De pleatsing fan it skûtsje op de rotonde is kommende woansdeitejûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)