Fries hellet grutte dino's nei Nederlân ta

02 sep 2019 - 12:37

Trix is noch altyd it hichtepunt yn syn karriêre. De yntusken ferneamde Tyrannosaurus Rex stiet nei in toernee troch Europa wer te pronkjen op syn thúsbasis Naturalis yn Leiden. It is oan de âld-Snitser Anne Schulp te tankjen dat it âlde skelet fan miljoenen jierren âld in plakje krigen hat yn Nederlân. En der komme meikoarten noch folle mear bysûndere skeletten by.

Fries hellet grutte dino's nei Nederlân ta

It útpakken fan in dinosaurusbot is in sekuer putsje. Hast like sekuer as it opgraven en ynpakken. Ien fan de meiwurkers fan Naturalis sit yn it Livescience Lab fan Naturalis efter de kompjûter, mei om him hinne allegearre botten fan de Triceratops. Links fan him leit in skonk en oan de oare kant in ûnderdiel fan in kaak. Alle botten sieten yn aluminiumfoly. Om de foly hinne siet in beskermjende laach gips. Sa binne alle bonken fanút Amearika nei Leiden ta kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek lytse eksimplaren

De bonken binne fan yn totaal fiif komplete Triceratopsen. In bysûndere fynst, sa seit Anne Schulp, dy't de bonken efkes yn hannen nimt. "Het bijzondere is vooral dat er ook een aantal kleintjes bij zitten. Exemplaren die nog niet volwassen waren. En dat is heel fijn, want dat betekent dat we eindelijk kunnen gaan onderzoek hoe die beesten zoveel miljoenen jaren geleden nu precies groeiden en ontwikkelden."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Schulp is wer efkes werom yn Nederlân nei nije opgravingen yn Wyoming yn de Feriene Steaten. Op dit stuit is it team fan Naturalis dêr dwaande mei de opgraving fan in oantal langnek-dinosaurussen, gigantyske plante-iters. Neist it team fan Schulp binne dêr ek saakkundigen út Ingelân en Amearika sels dwaande de bonkjes ien foar ien út de grûn te heljen.

Dino nei Naturalis

Meihelpe by it opgraven fan sa'n dinosaurus betsjut net automatysk dat je him ek meinimme kinne nei it eigen museum. "Dat is altijd een spel van wie de eerste rechten heeft. Maar met deze langnek-dino's komt het wel goed. Er liggen er zoveel bij elkaar dat het zeker is dat ook Naturalis er eentje kan krijgen", sa seit Schulp.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It wie in jongesdream fan Schulp, doe't er opgroeide yn Snits. Op fakânsjes wie er altyd al dwaande mei it sykjen fan fossilen, mar dino's fine, dat siet der echt net yn. Al hielendal yn Fryslân net. "In de tijd van de dinosauriërs was het hier zee, dus een Triceratops of Tyrannosaurus zul je hier zeker niet vinden."

Ek de kâns op it finen fan in dinosaurus út see is lyts, sa seit Schulp. "Als je wel wat vindt, dan moet je ongelooflijk diep graven. Er zitten misschien wel dinosaurusskeletten in de grond, maar die opgraven kost heel veel geld en tijd."

Anne Schulp yn petear mei ferslachjouwer Wytse Vellinga

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)